Plakette foar Jouster piloat

27 okt 2014 - 20:37

Amateur-histoarisy Arjen de Ree en Hille Oppedijk hawwe in plakette meitsje litte foar Jouster oarlochsheld Nicolaas Wilhelm 'Cook' Sluyter. De betinkingsstien wurdt healwei novimber ûntbleate by wensoarchsintrum De Flecke.

Sluyter wie piloat yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy hat ek yn Ingelân minsken oplaat. De maskotte dy't er foar de piloaten betocht hat, Polly Grey, waard letter it offisjele logo foar it 322 Dutch Squadron. It is hjoed-de-dei ek noch it logo fan de Ljouwerter F-16's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)