Boete foar SC Hearrenfean

SC Hearrenfean © Omrop Fryslân
SC Hearrenfean krijt in boete fan 7500 euro ûnder betingst fan de KNVB. It fuotbalbûn leit de straf op foar sprekkoaren by de thúswedstriid tsjin PSV fan ein septimber.
It publyk rôp kwetsende teksten oer skiedsrjochter Kevin Blom, neidat er Hearrenfeanspiler Marzo mei read fan it fjild stjoerd hie. SC Hearrenfean hoecht de boete lykwols net te beteljen as de klup foar 1 desimber mei in plan komt om de sprekkoaren yn de takomst foar te kommen.