Máxima iepenet Jouster skoalle

27 okt 2014 - 15:42

Keninginne Máxima iepenet op 21 novimber de brede skoalle op De Jouwer. Yn it gebou hawwe ûnder oaren basisskoallen de E.A. Borgerskoalle en de Twa Fjilden, keunstesintrum It Toanhûs, de berne-opfang, pjutteboartersplak SKIK en wolwêzensorganisaasje Miks in plakje krigen.

De keninginne docht op De Jouwer de iepeningshanneling en sil yn petear mei frijwilligers, meiwurkers en âlden. Learlingen fan It Toanhûs jouwe in spesjaal konsert foar keninginne Máxima.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)