Waarmte min foar skulpbisten

In moaie kâlde winter wurdt hieltyd seldsumer en dy trend liket troch te setten. Dat is net allinnich min nijs foar de leafhawwers fan natoeriis, mar ek foar fûgels dy't ôfhinklik binne fan skulpbisten op it Waad.
Undersikers fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee sammelje al sûnt de jieren '70 gegevens yn it Westlik Waadgebiet. Dêrút docht bliken dat der nei in waarme winter folle minder skulpbisten grut wurde omdat der mear krabben en garnalen binne. Garnalen en krabben frette dan it jonge skulpebroed op.
Dat is gjin goed nijs foar fûgels dy't ôfhinklik binne fan skulpen lykas de eider, de strânljip en de mients. Under oare hjirtoch rint it oantal fan dit soarte fûgels al in skoftke werom.