Plysje Ljouwert kâns op priis

27 okt 2014 - 13:48

Team Ljouwert fan de plysje Noard-Nederlân is nominearre as kânshawwer foar de titel Plysjeteam fan it Jier. De Ljouwerters binne útkeazen foar har ynset by Serious Request ein ferline jier. Inisjatyfnimmer foar dizze priis is de Stichting Waardering Erkenning Politie (WEP). De stichting wol hjirmei sjen litte dat goed plysjewurk net altyd fanselssprekkend is.

De oare kânshawwers binne it Quick Response Team út Amsterdam, it Regionaal Team Overvallen út Rotterdam, it SPECTRA Team út Den Haach, Team Renesse út Schouwen-Duiveland en de motorûndersteuning fan de Landelijke Eenheid. Tongersdeitejûn wurdt de winner bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)