Marne College fiert jubileum

27 okt 2014 - 13:44

It Marne College yn Boalsert fiert dizze wike it 10-jierrich jubileum fan harren twatalich ûnderwiis. Yn it ramt fan dit jubileum binne fan moandei ôf ferskate aktiviteiten foar de learlingen fan de twatalige klassen. De bern sille ûnder oare proeflessen jaan oan harren âlden en wurde traktearre op in high tea.

Sûnt 2008 is it Marne College troch it Europeesk Platform sertifisearre as Twalich ûnderwiis-juniorskoalle. Sa folle mooglik fakken wurde yn it Ingelsk jûn, mei Ingelsktalige boeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)