Frou stelt út hûs âldere man

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
De plysje hat yn Noardburgum in 36-jierrige ynwenner fan Den Haach oanhâlden op fertinking fan stellerij. Sy die har foar as in meiwurker fan de thússoarch en gie by in âldere man yn de hûs. In foarbygonger dy't it net fertroude, spruts har oan. Doe naaide se yn de auto út. Snein gong de plysje nei de bewenner ta en die bliken dat der jild meinommen wie.
Troch in goed sinjalemint en in beskriuwing fan de auto koe de frou letter oanhâlden wurde. Se waard oerbrocht nei it plysjeburo en is ynsletten.