Zwart opnij tûk op EK kuorbal

27 okt 2014 - 06:07

Kuorballer Erwin Zwart wûn snein op it EK kuorbal yn it Portugeeske Maia ek de twadde groepswedstriid mei 41-17 fan Ruslân. Oranje wist yn de earste helte in lytse foarsprong te pakken. By rêst stie der in 18-9 tuskenstân op it boerd.

Yn de twadde helte hie de ploech fan bûnscoach Wim Scholtmeijer gjin inkele muoite mear mei de Russen en rûn Oranje út nei in romme oerwinning. Erwin Zwart, spiler fan LDODK, wie goed foar seis treffers.

Sneon waard Dútslân yn de earste groepswedstriid al mei 38-14 ferslein.

Trefwurden: 
kuorbal Erwin Zwart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)