Aris ûnderút by Landstede

Aris © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ferlearen sneintemiddei mei 89-77 fan Landstede Basketbal út Zwolle. Yn Zwolle pakten de Ljouwerters yn it earste kwart in 23-16 foarsprong. Foar it skoft kaam de thúsploech lykwols knap werom, mar behold de ploech fan trainer Tom Simpson de foarsprong: 40-39.
Nei rêst wienen de rollen omdraaid en rûn Landstede yn it tredde kwart fan 52-46 út nei 66-55. Yn it lêste kwart liet de thúsploech de foarsprong net mear yn gefaar komme en wie it ferlies foar de Ljouwerters in feit.