Snits Wyt Swart wint fan NEC

Snits Wyt Swart pakte snein in 2-0 oerwinning op NEC. Op eigen fjild iepene Age Hains Boersma nei 11 minuten de skoare. Sean de Ruiter wie fuort dêrnei ticht by de 2-0, mar stuite op de Nijmeegske keeper. Krekt foar rêst brocht de keeper nochris rêding by in gefaarlike Snitser frije traap.
Nei rêst seach Mark Homme van der Veen syn kanonskûgel krekt njonken silen. Yn de 58e minút wie it op 'e nij Age Hains Boersma dy't it fizier op skerp hie en de einstân op it boerd sette.
De winst op NEC is de fyfde oerwinning foar de ploech fan trainer Berry Zandink.