10e kear 'Nacht fan de Nacht'

26 okt 2014 - 15:37

In steand diner op de Oldehou yn Ljouwert foarme sneontejûn de ôftraap fan de 10e Nacht fan de Nacht yn Fryslân. It idee fan dizze nacht is om it ljocht sa folle mooglik út te dwaan. Om enerzjy te sparjen en om te genietsjen fan it tsjuster en de stjerrehimel. Yn 18 fan de 24 Fryske gemeenten koenen minsken meidwaan oan allerhanne aktiviteiten, fan in foksejacht oant far- en kuiertochten. En dat allegear safolle mooglik sûnder ljocht.

Trefwurden: 
Nacht fan de Nacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)