Cambuur ferliest fan Feyenoord
Cambuur ferlear snein mei 1-0 fan Feyenoord. Yn it Cambuurstadion krige Feyenoord al nei 3 minuten in grutte kâns, mar keeper Nienhuis brocht rêding. Yn de 37e minút profitearre Toornstra fan miskommunikaasje yn de Ljouwerter ferdigening en makke de 1-0.
Nei rêst wie Narsingh mei in tûk lobke ticht by de 1-1, mar de bal gong krekt neist. De Ljouwerters ûntsnapten oan de 2-0, doe't in frije traap fan Toornstra njonken sylde. Martijn Barto hie de lykmakker op 'e skoech mar fergeat te skoaren. Cambuur sette oan yn it slot, mar de 1-1 bleau út.