Flyers ferliest fan Herentals

De Unis Flyers yn aksje tsjin Herentals © Martin de Jong
De iishockeyers fan UNIS Flyers ferlearen sneon mei 4-2 yn de bekerwedstriid tsjin Herentals. Yn Thialf wisten de gasten út België yn de earste perioade optimaal te profitearjen fan in powerplay situaasje. Yn de twadde perioade wie it op 'e nij twa kear rekke foar Herentals en seagen de Feansters tsjin in 3-0 efterstân oan.
In treffer fan Josh Prudden brocht de spanning yn de tredde perioade noch efkes werom, mar Herentals makke al rap de 4-1 en smiet dêrmei de wedstriid yn it slot. Prudden soarge mei syn twadde treffer foar de einstân.
Kommende woansdei nimt de ploech fan trainer Chris Eimers it thús op tsjin de Tilburg Trappers.