Syktocht nei ferwûne man
De plysje hat sneintemoarn betiid yn Burgum socht nei in man dy't nei alle gedachten slim ferwûne rekke wie by in ûngelok. Hy soe oanriden wêze troch in taksybuske. Nei de botsing wie de man fuortrûn, neffens de plysje rjochting Burgum-Súd. De plysje hat fia Burgernet minsken oproppen om nei de man út te sjen, mar de man is net fûn.