Amelân topper op sosjale media

Twitter © ANP XTRA
De gemeenten It Amelân en Ljouwert steane yn de top-5 fan gemeenten dy't de sosjale media it meast brûke. It Amelân stiet op it tredde plak, Ljouwert op nûmer fiif. Yn it jierlikse ûndersyk wurdt sjoen nei it berik en nei it oantal reaksjes op berjochten op de websiden en twitterberjochten fan de gemeenten. It ûndersyk waard foar de fjirde kear holden.