Plysje helpt by befeiliging

© Omrop Fryslân
De plysje hat de ôfrûne dagen yn gearwurking mei de gemeenten Súdwest-Fryslân, Littenseradiel en de Fryske Marren ynbraak-previnsje-aksjes holden. Yn ûnder oare Boalsert, Koudum, Wommels, en Aldehaske giene plysjes mei wenningbouferienings en doarps- en wykferienings de doarpen en wiken yn. Se kontrolearren oft huzen en hokjes goed ôfsletten wiene. As dat net sa wie, lieten se papieren fuotstappen achter, as teken dat ynbrekkers op dy plakken der maklik ynkommen kind hiene. Bewenners wurde sa wiisd op in bettere befeiliging.