1-0 oerwinning Harkemase Boys

25 okt 2014 - 16:53

Harkemase Boys pakte sneon in 1-0 oerwinning op CSV Apeldoorn. Yn Apeldoorn sette Heine Uuldriks de Harkiten nei in kertier spyljen op foarsprong troch in frije traap fan Robin Huisman de Jong binnen te wurkjen. In goede rêding fan keeper Erick Jansema foarkaam de Apeldoornse lykmakker, wêrnei't Uuldriks ticht by de 2-0 wie. Syn kopbal waard lykwols keard troch de latte.

Nei rêst wienen de Harkiten gefaarlik yn de counter, mar skoard waard der net mear. CSV Apeldoorn krige in grutte kâns op de lykmakker, mar dit skot gong krekt njonken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)