Drachtsters ferlieze fan ACV

25 okt 2014 - 16:33

Drachtster Boys ferlear sneon mei 3-0 fan ACV. Op eigen fjild kamen de Drachtsters nei 11 minuten op efterstân. De Drachtsters gongen fol fjoer op jacht nei de lykmakker. Nei in healoere spyljen hie Aziz Geyik de 1-1 op 'e skoech, mar syn útkynde skot bedarre boppe op de latte.

Nei rêst wie Sicco Bouwer oant twa kear ta ticht by de lykmakker, mar ek hy fersomme te skoaren. Oan de oare kant wie it wol rekke en kaam ACV yn de 58e minút op 2-0. Dêrmei wie it ferset brutsen by de ploech fan trainer Fred de Boer. Yn de slotminuten foel de 3-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)