Dochs garnaledei Lauwerseach

Garnalefiskers by de fiskôfslach © ANP
De Stichting Promotie Lauwersoog hâldt ein novimber dochs noch in lytse fariant fan it evenemint Dag van de Garnaal. Dit evenemint stie pland foar 12 septimber, mar in pear dagen dêrfoar baarnde it gebou fan Sterkenburg Vis yn Lauwerseach ôf.
Op dizze lytse Dag van de Garnaal kinne besikers ûnder oare fisk ite, kofje drinke, binne der optredens fan it Seemanskoar en is der in rommelmerk.