"Jild provinsje fluch nei bou"

Provinsjaal jild út it programma 'Wurkje foar Fryslân' om de bou te stypjen moat flugger los komme. Dat fynt Marten Cornel, bou-ûndernimmer fan De Jouwer. Hy is ek lid fan it lanlik bestjoer fan Bouwend Nederland. Hy freget him ôf wêr't it provinsjale jild bliuwt. Der is no ferlet fan en net op it momint dat de krisis foarby is. Fierder soe Cornel graach sjen dat ek lytsere projekten yn de beneaming komme foar stipe.
In langer petear mei Cornel is no snein te hearren by ús op de radio yn it programma Buro de Vries.