Gjin nijbou foar Fryske Marren

25 okt 2014 - 12:41
It gemeentehûs fan Skarsterlân op 'e Jouwer - Foto: Omrop Fryslân

De gemeente De Fryske Marren sil Herema State ferbouwe om alle amtners ûnder bringen te kinnen. Yn totaal binne der fjouwer opsjes ûndersocht: nijbou by de rotonde fan De Jouwer en ferskate (fer)bou-farianten. Sjoen de finansjele situaasje fan de gemeente kiest it kolleezje fan B&W no foar ferbou.

De bedoeling is dat alle personiel fan de nije fúzjegemeente aanst op Herema State wurket. No binne de meiwurkers noch ferdield oer Herema State en Woudstate.

(advertinsje)
(advertinsje)