Start fan snoei fruchtbeammen

It snoeiseizoen foar fruchtbeammen is sneon begongen yn Lippenhuzen. Dêr giet de heechstambrigade, in klup fan sa'n 100 frijwilligers, ûnder lieding fan Lânskipsbehear Fryslân oan de slach. Mei-inoar snoeie se sa'n 400 fruchtbeammen op fyftich plakken yn ús provinsje. Dêrfoar hawwe de frijwilligers in spesjale kursus folge.
De brigade bestiet al 13 jier en is ea oprjochte om't it tal fruchtbeammen yn Fryslân hurd achterút gong. Hjoed-de-dei binne de frijwilligers yn seis regiogroepen aktyf yn de provinsje.