Wurkstraf easke tsjin rapper

Rapper Hozny © Youtube
It Iepenbier Ministearje hat in wurkstraf fan 80 oeren en in selstraf fan twa jier ûnder betingst easke tsjin de Snitser rapper Hozny. De 27-jierrige rapper makke earder dit jier in fideoklip weryn hy foarkommen docht dat PVV-lieder Geert Wilders eksekutearre wurdt. Wilders die dêrnei oanjefte tsjin Hozny. It Iepenbier Ministearje sjocht de fideoklip as in foarm fan bedriging.