Undersyk konifearebrân Damwâld

De nije brânwachtauto's waarden sneon presintearre yn Snits © Stefan Postema
De plysje ûndersiket in konifearebrân achter in hûs oan de Johannes Douweswei yn Damwâld. Dêr waarden tongersdeitejûn in oantal konifearen yn de brân stutsen. De brânwacht koe mar krekt foarkomme dat it fjoer oersloech nei de wenning en de garaazje.
Neffens de plysje binne der op 10 en 12 oktober ek konifearen yn de brân stutsen. Dat wie op de Ald Mear en de Sjollemanstrjitte yn Damwâld. De plysje ûndersiket oft der in ferbân is tusken de ferskate brannen.