Start bou nije iishal Ljouwert

24 okt 2014 - 16:32

Freed waard offisjeel útein set mei de bou fan de nije iishal fan Ljouwert. Nei ferwachting kinne besikers oer rom in jier de earste streken sette op it iis. Yn de nije akkomodaasje komt in 400 meter baan en dat betsjut grutte ferbettering.

De iisklups hoopje dat dêrtroch mear minsken reedride wolle yn de nije hal en dus dat de klups groeie kinne. Ek direkteur Johan van der Kooi fan de Ljouwerter iishal is bliid dat der einliks offisjeel begûn is mei de bou. It wurdt neffens him in hal dy't oan de easken fan de tiid foldocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)