Oername fallyt Engelsma-Wijnia

It fallite garaazjebedriuw Engelsma-Wijnia wurdt oernommen troch eigeners Arne Brouwers en Anne Tjeerd Haaima fan autobedriuw Haaima. Njonken de festiging yn Ljouwert giet ek Bouma & Sepp yn Burgum en Autoschadebedrijf Friesland yn Ljouwert oer yn nije hannen.
Ien-en-tweintich personielsleden gean mei yn de oername, de oare tritich meiwurkers krije dien. De oername hat sa'n trije miljoen euro koste. De namme Engelsma-Wijnia bliuwt bestean. Neffens kurator René Luinstra fan De Haan Advocaten wiene der mear gadingmakkers foar de oername.
It merk Opel hat in belangrike rol spile yn de kar foar de oernamekandidaat. Opel hie goede kontakten mei direkteur Gerlof Bouma, dy't nei de oername ek oanbliuwt as manager by Engelsma-Wijnia yn Ljouwert.