Lek akwadukt Ritsumasyl ticht

24 okt 2014 - 15:12

It lek yn it akwadukt fan Ritsumasyl yn de Heak om Ljouwert is ticht. It wetter is der útpompt sadat der no 24 oeren deis trochwurke wurde kin om it wurk op tiid ôf te krijen. It wurk hat acht wiken stillein nei't dúdlik waard dat ien fan de rubberen ôfslutings lek wie. Nei alle gedachten kaam dat troch in produksjeflater.

Alle rubberen ôfsluters binne ferfongen en der wurdt no hurd wurke om de dyk op tiid klear te krijen. De deadline leit op 17 desimber. In dei letter wurdt de Heak om Ljouwert offisjeel iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)