Maria Louise Jier grut fiert

24 okt 2014 - 15:07

Marijke Meu wurdt takom jier yn it sintsje set. Dan is it 250 jier lien dat de sy stoarn is. Maria Louise van Hessen-Kassel, sa't se folút hjitte, wie de mem fan stedhâlder Willem IV en wie in skoftlang syn regentesse. Se wenne jierren yn Ljouwert yn wat no it Princessehof is. Yn Ljouwert, It Hearrenfean en op It Amelân binne tal fan aktiviteiten.

Ek wurdt der yn Ljouwert in âlderwetske hynsterace hâlden en komt der in grut graffity-skilderij fan Marijke Meu en stedhâlder Willem IV op de De Brasserie by it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)