Gordyksters fêst om drugsbesit

24 okt 2014 - 14:03

De plysje hat tongersdei yn in wenning oan de Brouwerij op De Gordyk twa manlju fan 21 en 45 jier oppakt foar drugsbesit. De plysje belle oan by de wenning om't de bewenner noch tal fan boetes iepenstean hie. De 21-jierrige man liet de plysje binnen, wêrnei't se yn de wenkeamer tweintich joints fûnen. De man is meinaam nei it buro. Doe't de 45-jierrige man thúskaam, waard ek hy oanholden.

Yn it hûs fûn de plysje 4,5 gram weed, 900 gram hasj en 819 joints. Ek kamen se in koffer mei parfum, nije klean en skuon tsjin. It twatal sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)