De Ridder ûnwis by Cambuur

It is noch net wis oft Daniël de Ridder snein de thúswedstriid fan Cambuur tsjin Feyenoord spylje kin. De Ridder rekke yn de wedstriid tsjin SC Hearrenfean blessearre oan syn kût. Sneon wurdt besjoen oft hy spylje kin. Sa net, dan is syn ferfanger Dejan Meleg.
Lucas Bijker en Vytas binne ek net topfit, mar sy kinne wol spylje snein. Trainer Henk de Jong feroaret fierder neat yn de basisopstelling. De trainer hopet ek op in topklup as Feyenoord in oerwinning boeke te kinnen. Oant no wist Cambuur tsjin de top trije net te winnen.