Ferskate ynbraken yn Ljouwert
Ynbrekkers hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed trije kear taslein yn Ljouwert. Oan de Bosboom waard by in ynbraak in tillefoan stellen. Ek yn in wenning oan de Jan Lievenstrjitte waard ynbrutsen. Oft dêr wat stellen is, wurdt noch ûndersocht. Ut in hûs oan de Balistrjitte waard in kompjûter meinaam.