Minder kontrôle op hekkeljen

Wetterskip Fryslân kontrolearret tenei minder faak op it hekkeljen fan sleatten troch boeren. De jierlikse skou wurdt noch mar ien kear yn de twa jier holden. Mei de proef wol it Wetterskip útfine oft de eigeners de sleatten ek goed hekkelje wannear't der minder faak kontrolearre wurdt. Boppedat wol de organisaasje sa jild besparje.
Ut de skou fan de ôfrûne jierren docht neffens Wetterskip Fryslân bliken dat de boeren oer it algemien goed foldogge oan harren ûnderhâldsplicht. Se ha oant 1 novimber de tiid om de sleatten te hekkeljen.
Op 3 novimber begjint it Wetterskip mei de skou. Meiwurkers gean dan it fjild yn of brûke helikopters om te sjen oft de sleatten skjin genôch binne. Skjinne sleatten binne wichtich foar de oan- en ôffier fan it wetter, benammen yn wiete perioaden. Boeren dy't net hekkelje, wurde warskôge. Dogge se dêr neat mei, dan makket it Wetterskip de sleatten skjin op kosten fan de eigener.