Soad ynteresse oername Flach

Drukkerij Flach op It Hearrenfean © flach.nl
Der binne fjouwer partijen dy't ynteresse ha om de tiisdei fallyt ferklearre drukkerij Flach fan It Hearrenfean oer te nimmen. Dat seit kurator Verdonk. Neffens him giet it om serieuze kandidaten. Tongersdei waard offisjeel it ûntslach oanfrege foar de goed fjirtich personielsleden dy't by Flach wurken.
De ferpakkingsdrukker is fallyt gien as gefolch fan de grutte konkurrinsjestriid yn de grafyske sektor.