Skarsterlân foar boargerwacht

27 feb 2012 - 20:34

De gemeente Skarsterlân stiet achter de boargerwacht fan Sint Nyk. Ynwenners fan dat doarp hawwe in boargerwacht foarme neidat der de ôfrûne moannen hiel faak ynbrutsen wie by bedriuwen en partikulieren.

Boargemaster Looman fynt it spitich dat it nedich is dat der in boargerwacht komme moat, mar sjocht it as ekstra eagen en earen fan de plysje. Se is net bang dat de minsken fan de boargerwacht it rjocht yn eigen hannen nimme sille. Der binnen neffens har goede ôfspraken tusken plysje en inisjatyfnimmers.

Trefwurden: 
plysje Boargerwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)