Drugs fûn by kontrôle op de A7

© Gerwin de Vries, De Vries Media
Op de A7 by Terwispel binne yn de nacht fan tongersdei op freed fjouwer minsken oppakt foar it yn besit hawwen fan drugs en stellen fytsen. De fertochten waarden betrape by in ferkearskontrôle. Ek naam de plysje in auto yn beslach om't de sjauffeur al foar de fjirde kear sûnder rydbewiis achter it stjoer siet.
Fierder waarden der tritich boetes útskreaun foar ûnder oaren spoekriden, rinne oer de flechtstreek, ride mei drank op en ride mei glêde bannen.