Moasje foar behâld Sionsberg

De Sionsberg © Google streetview
De gemeenterieden fan Dongeradiel en Kollumerlân hawwe tongersdei in moasje oannaam wêryn't pleite wurdt om alle besteande ôfdielings fan sikehûs De Sionsberg iepen te hâlden. It Dokkumer sikehûs draait mei ferlies en dat betsjut mooglik dat der ôfdielings slute moatte en de spoedeaskjende help ferdwynt.
Mei de moasje wol de polityk har soargen uterje oer de takomst fan it streeksikehûs en har ynsette foar it fuortbestean. Nije wike wurdt de oannommen moasje noch foarlein oan de gemeenterieden fan Ferwerderadiel en Dantumadiel.