Ljouwerter fêst nei stekpartij

24 okt 2014 - 10:58
Foto: Omrop Fryslân

In 17-jierrige jonge út Ljouwert is tongersdeitejûn oppakt foar in stekpartij op It Kealledykje. De fertochte besocht in 22-jierrige stedsgenoat mei in mes te stekken. Dat mislearre, mar it slachtoffer rekke wol ferwûne oan syn earm. Hy is yn it sikehûs behannele.

De plysje koe op basis fan tsjûgeferklearrings de 17-jierre jonge oppakke. Hy wurdt fertocht fan swiere mishanneling.

(advertinsje)
(advertinsje)