VVD-fragen oer skipskonteners

24 okt 2014 - 10:46

De VVD yn de Twadde Keamer wol witte hoe't it mooglik is dat der woansdei by de stoarm tsien konteners fan in skip yn de Noardsee fallen binne. Neffens keamerlid Betty de Boer soe soks ûnmooglik wêze moatte. Konteners moatte goed fêst sitte op de skippen. Ek moat helder wêze wat der yn de konteners sit. De kapitein fan it kontenerskip liet earder witte dat er tinkt dat der gjin gefaarlik stoffen ynsitte.

Op initsjatyf fan de Twadde Keamer hat earder in ûndersyk west nei konteners op skippen. Dêrút die bliken dat de helte net goed fêstsiet.

De Boer wol no dat de konteners ferplicht woegen wurde moatte foardat se op it skip set wurde. De swierste konteners moatte ûnderop komme te stean. Dat is better foar de stabiliteit fan it skip, sa seit De Boer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)