Striid tsjin rôversbindes

27 feb 2012 - 19:38

Winkellju, justysje en de plysje sille mei-elkoar yn de striid tsjin de organisearre misdied. Se hawwe ôfspraken om troch it lân reizgjende bindes effektiver oan te pakken.

Dat moat dien wurde troch ynformaasje lykas kamerabylden fan stellerij en ynformaasje oer wurkwizen te dielen. As in winkelman tinkt dat er mei in omreizgjende binde te krijen hat, kin er dy ynformaasje kwyt by ien sintraal meldpunt. De plysje kin dan folle better yngripe. De detailhannel tinkt dat dat in goed wapen is.

Trefwurden: 
plysje bindes detailhannel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)