Slijngard tekenet by Cambuur

Donovan Slijngard sil op 1 novimber in kontrakt tekenje by SC Cambuur. De ferdigener spile al op amateurbasis foar de Ljouwerters. By syn komst yn augustus krige Slijngard te hearren dat er in een kontrakt ûndertekenje koe wannear't er wedstriidfit wie. Dat momint is no oanbrutsen.
It nije kontrakt rint oant de ein fan it seizoen. Yn it kontrakt sit ek noch in opsje foar ien ekstra seizoen.