Grut ûnderhâld Dr-Friese Wold

Steatsboskbehear is dizze perioade drok dwaande mei it opromjen fan dinnebeammen yn Nasjonaal Park it Drents-Friese Wold. Net fan de stoarmskea, mar om se te kappen. De dinnebeammen moatte plak meitsje foar de oarspronklike floara, lykas ike-, bjirke- en boekebeammen.
Steatsboskbehear hopet dat hjirmei ek wer in grut part fan de oarspronklike fauna weromkomt, sa as spjochten en beammarters. De ûnderhâldswurksumheden wurde útfierd mei grutte masines en duorje oant en mei begjin maart.