Acht foar meldkeamer

23 okt 2014 - 22:51

De meldkeamer Noard-Nederlân yn Drachten hat in 8 krigen fan de minsken dy't gebrûk makke ha fan it alarmnûmer 112. It ûndersyk is holden ûnder 781 minsken dy't earder belle hiene mei 112. Dêrfan ha 313 minsken meiwurke.

Dizze minsken binne tefreden, mar neamden ek lytse saken dy't better kinne. Sa wolle minsken graach mear ynformaasje oer wat der al dan net bart en hoe lang saken duorje.

(advertinsje)