Drankrider rydbewiis kwyt
In 64-jierrige Ljouwerter is tongersdeitemiddei op de A7 by Snits oanholden. De man ried yn syn Mercedes-bus wylst er fierstente folle drank op hie. Hy foel op troch de kaprioalen dy't er úthelle. By de ôfslach Houkesleat waard de man oan de kant setten.
De Ljouwerter moast syn rydbewiis ynleverje en moat him foar de rjochter ferantwurdzje.