Kninejacht Skylge stillein

De dunen by Hoarne © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De kommende trije wiken meie der op Skylge gjin kninen sketten wurde. Dat hat de rjochter yn Amsterdam sein. Op 12 novimber tsjinnet de rjochtsaak fan de Faunabeskerming oer de kninejacht. De saak soe earst tongersdei behannele wurde, mar waard ferskood om't Steatsboskbehear net útnoege wie.
De Faunabescherming easke dat de kninejacht oant dy tiid stillein wurde soe en hat fan de rjochter gelyk krigen. De natuerferiening fynt dat der misbrûk makke wurdt fan de regels.
Kninen meie allinnich ôfsketten wurde as se skea feroarsaakje oan bygelyks lânbougrûn of fytspaden. Mar neffens de Faunabeskerming wurde de bisten ek op oare plakken opjage.