Havenwetter Harns fersmoarge

Nije Willemshaven yn Harns © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De gemeente Harns en Rykswettersteat ha tongersdei in rapport krigen oer de fersmoarging fan de haven fan Harns. Toksikolooch Abel Arkenbout hat ûndersyk dien nei de wetterkwaliteit yn de haven en ûntdiek dat der oestrogene stoffen ynsitte dy't dêr net thúshearre. Neffens him moat der rap wat dien wurde en moatte minsken fisk dy't se yn de haven fange net opite.
De gemeente en Rykswettersteat bestudearje it rapport no en sille ynkoarten mei Arkenbout om tafel om de saak te bepraten. Dêrnei besjogge se oft der ekstra maatregels nedich binne.
Wêr't de wetterfersmoarging yn de Harnzer haven weikomt is net bekend.