Bonnen by ferkearskontrôle

23 okt 2014 - 14:09

By ferkearskontrôles op ferskate plakken yn en om Ljouwert hinne hat de plysje woansdei goed tweintich bekeurings útskreaun. De measte bonnen gienen nei bestjoerders dy't te hurd rieden. De grutste oertreder hie 128 kilometer op de teller stean, wylst er mar 70 mocht. Hy moast ek syn rydbewiis ynleverje.

Neist foar te hurd riden, waarden der ek bekeurings útskreaun foar it net omhawwen fan de riem. In brommerrider waard op 'e bon slingere omdat syn achterljocht net wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)