Easken yn fraudesaak bekend

23 okt 2014 - 13:12

Tsjin de Lemster haadfertochte fan in grutte fraudesaak is woansdei 18 moanne selstraf easke, wêrfan seis moanne ûnder betingst. De man fan De Lemmer wurdt mei trije oaren fertocht fan it yllegaal ferkrijen fan hypoteken en it yllegaal útjaan fan jild út boudepots.

Tsjin de oare trije fertochten binne wurkstraffen easke en selstraffen ûnder betingst fan op syn meast in healjier.

Trefwurden: 
De Lemmer easken fraudesaak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)