Dunen It Amelân oer de kop

Op It Amelân wurdt dizze winter op 23 bunder dúngebiet de ferrûge boppelaach fuorthelle. It liket ien fan de grutste yngrepen yn de natoer ea te wurden op it Waadeilân. It giet om ûngefear 8 bunder yn de Roosdunen, 3 bunder yn de Jan Roepesheide en 12 bunder yn de Oerderdunen.
De dunen ferrûchje trochdat der tefolle stikstof yn de lucht sit. Dêr groeie planten lykas gers hiel goed op. Mar de planten dy't eins op en by in dûn hearre, ferdwine. Steatsboskbehear lit de dunen beweidzje om der foar te soargjen dat it net wer ferrûget.
De grûn dy't fuorthelle wurdt, sil foar in part brûkt wurde om in grûnwâl te meitsjen om in sinnegreide hinne by it Ballumer fleanfjild. Troch it wurk benammen winterdeis út te fieren, ha de natoer en de badgasten der it minste lêst fan.