Hast gjin skea by paviljoenen

23 okt 2014 - 12:27

Der is hast gjin stoarmskea by de strânpaviljoenen op de Fryske Waadeilannen. Allinne by De Branding op Skylge en The Sunset op It Amelân wie der in bytsje skea, mar neffens de eigeners fan beide saken foel it wol in slach ta. By de measte oare strânpaviljoenen op Flylân, Skylge en It Amelân wienen gjin problemen. It wetter kaam woansdei wol heech te stean, mar it rûn net út op kritike situaasjes.

By de stoarm fan ôfrune jier wienen der folle mear problemen. Mar doe waaide it ek hurder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)