Manlju fêst foar GHB-hannel

Boeien © ANP XTRA
De plysje hat woansdeitejûn twa 25-jierrige manlju fan It Hearrenfean en Ternaard oanholden foar drugsbesit. By de plysje kaam in tip binnen dat er yn de strjitte De Beugel drugs ferhannele wurde soe. By de plysjekontrôle die bliken dat de man út Ternaard 180 ml. fan de ferbeane drug GHB by him hie. De Feanster hie 60 ml. GHB en twa messen by him.
De drugs en de messen binne yn beslach naam. Beide manlju sitte fêst foar ferhear.